(Column) Voen’n jo dat froeger ek sa moai?

DOKKUM – Jo witte fést nog wol hoe ’t dat froeger wie. Dat jo heit froeger ’n hoekje kreëerd hie mei syn âldermachtigst moaie lamperadio. ‘N hoekje apart yn de keamer foar heit. Mei sa’n âlde Philipsradio op buizen die’t eerst opwarmje moest mei ’n hoop gerammel.

Mar as dan de funk d’ryn kaam mei ’n oegryselike wieeeeeuuuuuwwww dan, spiele die machine ek fantastisch. En boven disse sublieme radio fan nederlânske makelij hong dan ’t kaamebakje oan de moare. Mei ien kaam foar de hiele húshâlding. Ien kaam foar ien ’t allerearst heit. Dan de bern, ’t leafst trije of mear en dan mem. ,,En d’r is ús neat oerkaam.”

Wat ek sa moai wie froeger is dat, nei ’t warm iten kriegen je d’r noch ’n âldermachtigste panne brei oerhinne. Yn deselfde pan wér’t je krekt de earappels, griente en fleisch yn opskept hieden. As je mazzel hieden. Want ’t koe ek sa wèze dat je de riis fan juster op ‘e panne kriegen mei wat bûter en brúne sûker.

Net dat dat slim wie want, ’t is noch altyd better as droege bôle. Mar om no te sizzen dat froeger alles altyd better wie. Ik haw myn twiifels. Toch rint menigien de moele d’r fan oer: ,,Koed’n we mar wer werom yn ‘e tyd.” Ik sil je de folgende alinea even foarlizze:

,,Sietske, kleisto dy no ek even út? Heit is sa klear en dan giet Pieter yn bad. En dernei is ’t dyn beurt.” Voen’n jo dat froeger ek sa moai?

Harmen Poortman