(Column) Mar dochs had hy ’n bytsje stout west

DOKKUM – Noh, ze hewt weer even weest. Myn steun en toeverlaat in bange tyden. Eilikst bin ik ‘r òk wel veur har, hoar. Sit dér mar niet over in. We hewwe best wel lachen mar, òk oans bedenkingen had. Ze vertelde my dat ze stage lopen had in de sorg en òk op ’n buske reden had veur ménsen met ’n beperking. Ien fan har passagiers dee har ferhaal. Siest ’t veur dy?

,,We wenn’n boven Dokkum, wer amper ien goed léze en skriuwe koe. Ús heit wie de baas yn hûs. En hy wurke hurd. Dat mat sein wurde. Myn mem die har ding yn de húshâlding en sy koe ek net oars. Tolve bern, dus… d’r gebeurde wol ris wat.” ,,Ja Harmen, echt waar. Ik bin bij ménsen an de deur weest met die kloate bus en dér stond de regenton nog in de bijkeuken. In ’t lavet fan vlak na de oorlog wer de andyvie nog wosken. Grúwelike ferhalen, Harmen. Echt…”

D’r gebeurde wol ris wat. ,,Sneon te jûn mocht myn broer de aftershave fan myn heit brûke. Hy mocht dan even nei de doarpskroeg. Ze wisten dan precies fan wa hy ien wie want, disse geur koeden ze ek fan de eerste rige yn de tsjerke op sneinemoarne. Myn tredde suster kaam noait yn tsjerke. Der hie ze sa har redenen foar. Mar gjinien begrypte ’t.

Ik haw wol ’s wat heard op de sliepkeamer fan myn suster. Ik lei d’r neist op de heasoulder. Troch ’t spaanplaat hearde ik har wol ’s gûlen. Myn heit wie der dan ek. Wat hy der moest begreep ik doe net sa goed. Ik wol d’r fjirder ek net folle fan sizze. Want die dingen gebeurden hjertyds.

Hy wie oars wol ’n besten foar de baas. Stie elke moarne om fiif foar hjelve achten mei ’t bôletromke achter op ‘e fyts by ’t stek fan de saak. Hy had ek altiid yn ’t bestjoer sitt’n fan de hystekeuring. Ek had hy hjirren ponghâlder west yn tsjerke. ‘T wie ’n foaroansteand man. Mar dochs had hy ’n bytsje stout west.”

Mar ja, wy wisten ek net better…

Harmen Poortman