Achteroan, dat âld barrel. En eerst douche!

DOKKUM – Ik was fraagt om tiidens ’n begrafenis ’n fotopresentaasje te toanen via ’n beamer op de achterwand fan de kerk. Dankbare klus. Ik kiek ‘r met ’n goed gevoel op werom. Nou kwam fanmiddag de boade met ’n sluufke want, òk al is participeren ’t toverwoord hier in de mienskip veur minimumlijjers, dit was niet fergeefs. De dame en ik hewwe nog even koffie dronken en su leerde ik ’t vak fan ’n útvaardbegeleider kinn’n.

,,Harmen, dou wilst ’t niet wete. De overledene is nog niet koud of de eerste ruzies ontstaan al over wél of gien koffie en cake na de begrafenis. En veural wie dat dan gaat betalen.” Ik begin myself af te fragen hoe dat in myn gefal dan gaan suu, as ik kom te overlijden. Ik bin goed verzeker dus, ’n stien kin d’r bij mij òk nog wel fanôf. Mar, ’t sil wel ’n kleintsje wurde. ,,Hy had nog noait foar ’n baas wurke en dan ’n joekel fan ’n stien? Tocht ’t net. Wy as familje kin wol moai even fuort te iten fan de léste cinten.”

De frou bij mij an tafel vertelde nog wat anekdotes: ,, Soms hoor ik hoe de boel na afloop afwikkeld wurdt. De erfenis. Dit wurd dan al besproken terwijl de doaie nog in de aula leit: ” ,, Sytse, do mast soargje dasto die electrische fyts te pakken krijst fan ‘m. Die kisto wol brûke nei ’t wurk op ’n del. Geart mat ‘m net hawwe, die kloat gun ik ‘m net.” Ik sien dat levendig veur my en analyseer myn familje nogmaals. ,,Gelukkig bin ik ‘r dan niet meer bij.”, is myn gedachte.

,,En dan nog wie wát regelt tiidens de rouwdienst. Welke psalmen en versen in de dienst songen wurde mutte. En welke ménsen wél of níet ’n rouwkaart krije. Harmen, wilst ’t niet wete!” ,,Harke en Tine binne skeiden. Tine is de kâlde kant. Prima dat ze altiid contact hâlden had mar, ’t bliuwt kâlde kant. Dusss…”

,,En ’t is prima dat Hedzer en Saapke komme mar dan mast ze wol even belje dat ze eerst om passende klean gean en de auto goed waskje. Die súterige c-Kadet wol ik net in ’t midden fan de stoet hawwe. Achteroan, dat âld barrel. En eerst douche!”

Amen,

Harmen Poortman