Gean do mar allinich. Ik gean wol mei myn suster. Nei ’n bjoetiefarm, of sa.

(Column) Dokkum – Fanmiddag moai even ’n lampke ophongen an ’t hok sudat, we bij nacht òk sien kinne hoe we bij de achterdeur komme mutte en dan apt Sjoukje: ,,Kinst hier wel ete. Eerst even ’n wientsje en dan an de riis.” ,,Noh, das best mar, geef mij mar Tonic. Ik drink al bijna drie weken niet meer. Wil ik even volhoue. Veur as dou en ik op fakaansje gaan.”

,,Op fakaansje? Wat mienstou? Dér hewwe dou en ik gien centen veur. Wat wuudest dan? ‘N stacaravan op ‘e veluwe hure? En dan ouwe droge bôle met en ’n pot jam en pindakaas? Ik hew nog wel ’n blik campingbutter út 1998. Is vast nog wel goed.”

,,In Drenthe is genoeg te krijen veur ’n skappelik priiske. Fakaansjeveiling.nl is ’n goeie site. Dér kinst nog wel ’s ’n moaie last minute score.”

,,Ach watte? Ik wit nog wol mei Sybren: Die soe de blikiepener út ’t keukenla helje en der lei ’t hiele laad oer ‘e vlier. En ik woe toen sa graag ’n glés reade wien en ik hie toen ien fleske mei foar de hiele fakaansje. Mei ’n echte kuoark d’r op. Mast miene: net ’n kuoarkelûker te vien’n yn die hiele caravan.” En dan sit ik sekers de hiele jûn yn die hut en do bist nei de kantine te klaverjossen. Hoe djoer binne die consumptiemunten dér eilikst ek, trouwens?”

,,Leave, asto ’s nei de bingo wolst dan giesto dér toch ek hinne? Net te krekt sjen. Sytse en Klaske stean dér ek op ‘e Veluwe. Misskien kinne we wol op ‘e selfde camping.”

,,Nee, dat wol ik net. Pertinent net. Do de hiele fakaansje mei Sytse omslaan en dan sit ik de hiele godgoanske tiid mei Klaske. Die sanikt altyd sa oer har frijwilligerswurk by de kringloop. Haw ik gjin nocht oan. En trouwens, hast de bern al frége as ze wol mei wolle? Pieter wol vést syn mokkel mei hawwe. No! Ik sjoch ’t al foar my: Wy in ’t tintsje neist de caravan en juh ýn de caravan yn ’t béste béd fan allegear. En joeije as knynen. Dér haw ik gauw myn nocht fan. En dan mienst dast d’r fytsen by hast en dan blykt dast die nog even apart hure kinst. Komt fanalles achterwei. ‘T lieket moaier as dat ’t is. En ik sit trouwens leaver ek net trije wyke mei dij opskeept. Gean do mar allinich. Ik gean wol mei myn suster. Nei ’n bjoetiefarm, of sa. Kinst ek ’s vernimme wat ’t is om dyself te rédden. De rambam!”

Harmen